Oaliekoek

Begjin dit jier skille ik even mei freon en âld-Boalserter Gurbe om him it nijjier ôf te winnen: ‘Lok, seine en sûnens!’ En dan ha jo fansels it gebrûklike praat oer famylje, it waar, fjoerwurk en oaljebollen. Ja, dy oaljebollen, dêr hat Gurbe my alris oer kapittele. Ik mei dan oarspronklik in ‘Bolserter oaliekoek’ wêze, mar dat ik no sljocht op dy dingen bin!

Dat kapitteljen hie myn hûn silliger doedestiids — jierren ferlyn — op syn geweten. Ik siet doe noflik op in kessen op ‘e grûn tsjin ‘e bank en skille mei deselde Gurbe. Even nijjierwinskje. Myn hûn kaam op in stuit sturtgiseljend op my ta, slikke mei syn grutte blaai oer de tillefoan en… , krekt: hy ‘boerde’, …it krôke dat it knapte. Even bleau it stil oan ‘e oare kant, doe kaam der wer­wurd: “Hest te feul oalie­koeken hat, seun?”

“Myn hûn… “, soe ik doe begjinne út te lizzen, mar hy woe mar oplizze: “Wij prate un andre keer welles ferder. En noch een gelukkich nijjaar met eh… dy hon fan dij!”

Myn hûn strúnt sûnt jierren al op de ivige jachtfjilden om, mar dat akkefytsje is my noch net fergetten. Doe’t ik him juster dus skille, sei ik op in stuit: “Gurbe, jonge, wat hasto dêr in moaie klok oan ‘e wand hingjen!”

It bleau oan ‘e oare kant even stil. Doe sei er: “Ferrek! Hoe… yn ‘e goedichheid witsto….. “ Hy stammere der oer.

“Ja, jonge,” sei ik, “de technyk stiet foar niks. Ik ha sûnt in pear wike in byldtelefoan, dat sadwaande!”

En om’t Gurbe dochs even fan it sintrum wie, sei ik: “Dyn Joukje hat ek op ‘e tekst west oer dy ‘kookkursus’ fan dy. In wyntsje derby en in lekker slokje nei, tink! Se frege dy okkerdeis wat foar gerjocht jim makke hienen en doe hiesto sein: ‘Wat mei fisk of sokssawat…’ De oare deis fûn se in briefke op ‘e tafel dêr’t ‘Varkenslappen met spinazie…. ‘ op stie. Do hiest de kop der wol goed by, of net! En jim krigen selsmakke ‘ijs na’ fertelde dyn Joukje. Der foel in kwak iis op ‘e grûn. Do paktest it op en saaidest it troch de achterdoar de tún yn. Mar it rekke krekt in wylgetûke en dy keatste de bal werom. Lyk yn dyn snút. Doe krigest in koekje fan eigen daai.”

Gurbe waard grimmitich en woe mar oplizze: “Wij prate un andre keer welles ferder. Dou bakst se my nou te brún… Oaliekoek!!!”

© Gerrit Damsma — 11 jannewaarje 2017

Like what you read? Give Gerrit Damsma a round of applause.

From a quick cheer to a standing ovation, clap to show how much you enjoyed this story.