Yn ‘t foarbygean

ITENSTIDEN

Ein april…, mei it sintsje der wat by is it op ‘e folkstún wol út te hâlden. De beamsingel jout by in kâlde noardewyn aardich smoute en elkenien is dan ek al warber. De ien is noch drok oan ‘t hakjen, wylst in oar de spinaazje of de woartels en sipels al yn ‘t grien hat. Lykwols is it noch fierstente kâld foar de tiid fan it jier.

In pear tunen fierder komt buorman oan fuotteljen: hannen yn ‘e bûse, wylst de skeppe wat tusken skonk en earm bongelet. Oan ‘e ein fan ‘e ikker bliuwt er even stean en ropt: “It rint nei tolven, wy sille marris om wat iten, net?”

“Jo geane mar, ik wachtsje noch even. Wy hawwe krekt de kofje op..,” rop ik werom, wylst ik op him tarin.

“Ja ,dat is ek sa, grutlju ite altyd wat letter!”

Gnyskjend: “Dat is mar in grapke hear, buorman. Mar witte jo wol dat se yn it ferline noch folle betider achter de itenspanne skoden? Yn Ryptsjerk bygelyks lette de klok — benammen foar boeren en arbeiders op it lân — al om âlve oere en yn De Geast al om tsien oere: tiid foar in waarm miel! Guon minsken sieten om ien oere wer oan ‘e tee. Doedestiids stienen boeren, boere-arbeiders en fammen foar fjouweren neist it bêd. No melke de boeren op alle oeren fan ‘e dei”.

Buorman is aardich op ‘e tekst: “Guon lju ite hjoed-de-dei wannear it harren mar yn ‘t sin komt, mar dat nijmoadrige gedoch is neat foar my. Ik hâld my mar wat by de âlde gebrûken. Ús pake fertelde froeger dat it tsjin itenstiid rûn as it skaad tsien kear de lingte fan ‘e foet hie. De âldste sinnewizer wie dan ek it skaad fan de minske sels. No, dy âld sinne helpt my ek altyd in hantsje en oars myn mage wol. Ik set op hûs oan. Jo hakje noch mar even. Dan kin it luie swit der wat út…”

En wylst er fuortrint: “Ik haw it skoan fertsjinne, mar ik wie der dan ek justjes even earder út. Straks ek mar lekker ite en tink der om: dan even in knipperke meitsje. It bêste…!”

Wat men op in folkstún al net opstekke… en yn ‘e bûse stekke kin!

© Gerrit Damsma — 27 april 2016

One clap, two clap, three clap, forty?

By clapping more or less, you can signal to us which stories really stand out.