Foto Joopenjodie.nl

Yn ‘t foarbygean

BARST

Yn ien fan myn kursyfkes ha ik al ris earder sikehûspastor Marinus van den Berg sitearre. De heit fan in handikapt bern sei ris tsjin dizze pastor: “Lichaamlik en geastlik handikapten wurde eigentlik net serieus nommen. Krekt of is sa’n libben fan minder wearde. Dat merk je gewoan: ek as se komme te ferstjerren. Dat docht sear! Wa binne mear of minder: siken of sûnen, ‘normaal’ of handikapt, heech of leech, riken of earmen?”

It die my tinken oan in ferhaal út it âlde Sina. It giet oer in Sineeske frou dy’t elke dei nei de rivier ta rûn om wetter te heljen yn twa grutte ierden potten. De twa potten hongen elk oan it ein fan in stôk, dy’t de frou op ‘e skouders droech. Ien fan de potten hie in barst… De oare pot wie sa geef as wat en levere alle dagen de folle poarsje wetter. Oan it ein fan de lange tocht fan de rivier nei hûs ta wie de barsten pot lykwols noch mar healfol mei wetter.

Twa lange jierren gie de frou elke dei nei de stream en de barsten pot brocht inkeld mar in heale pot mei wetter thús. Fansels wie de perfekte pot wakker grutsk op syn prestaasjes dat hy altyd in folle pot wetter thúsbrocht. Mar de barsten pot skamme him oer syn ûnfolsleinens. Hy fielde him ûngelokkich dat hy mar de helte dwaan koe as wêrfoar’t hy makke wie. Nei twa jier seach hy dit as in bittere mislearring. Dat hy sei op in dei by de stream tsjin de frou: ‘Ik skamje my djip; fanwegen myn barst yn ‘e búk lekt it measte wetter ûnderweis nei hûs ta fuort. Slaan my mar oan diggels!’

De âlde frou glimke: ‘Hasto net achtslein dat der blommen steane oan dyn kant fan it paad en net oan de oare kant? Dat is omdat ik altyd weet hân ha fan dyn tekoartkomming. Dus plante ik blommen oan dyn kant fan it paad, en elke dei as wy werom rûnen nei hûs ta hasto harren wetter jûn. Twa jier lang ha ik moaie blommen sykje kind om it hûs te fersieren. Sûnder dy soe it yn ‘e hûs net sa moai en fleurich west ha.’

Sa hat elk minske syn eigen lek en brek. Mar it binne krekt dy tekoartkommingen — en wa hat se net! — dy’t in man of frou, jonge of famke, sa bysûnder meitsje. Men moat elkenien nimme sa’t hy of sy is. Dat is net allinne in Sineeske wysheid! Dêrom in winsk foar alle bekenden en ûnbekenden: Ljocht foar ûnderweis! En genietsje fan de kostlike fleur en geur fan de blommen oan jo kant fan it paad. Nim de tiid en jou dit boadskip troch oan al jo freonen en bekenden dy’t ek tekoartkommingen hawwe. Dy binne der withoefolle…

© Gerrit Damsma — 29 augustus 2016

Show your support

Clapping shows how much you appreciated Gerrit Damsma’s story.