Yn ‘t foarbygean

IKELS

Ikels: se binne der elk jier wer by de rûs. Se knappe sa lekker ûnder de skuon of men kin se — hiel oars as by kastanjes — in skop meijaan. It opkrijen net mear wurdich. Alhoewol… !

o-o-o-

Ik kuierje mei de hûn troch de Smelleane; oan beide kanten ikebeammen en by de stoepe lâns in mânske boekehage. Ynienen komt der in lading ikels oerhinne silen. Se stuiterje as hagel­stiennen oer de tegels, dat myn hûn tinkt minstens dat er ûnder fjoer komt te lizzen. Hy himet deroer…

Benijd út hokker hoeke it minne waar komt, rin ik de tún yn. Dêr lizze âlde Sybren en syn soan op knibbels foar it grint­paad. Of ikelpaad, want it is ien ikel allegear ikels.

‘’Wat no Sybren! It liket wol Sinteklaas mei al dy pipernuten. Myn hûn tocht al dat er ûnder út ‘e sek krige.’’

Sybren ferskeukt wat en grommelet: ‘’Dat smoarge knikker­spul! Doe’t wy bern wienen, koenen wy teminsten noch in pear sinten oan dy ikels fertsjinje: in stoer it pûdfol. Dy fuorren de boeren oan ‘e bargen. Mar dat rûn letter ek op ‘e non, want dat spek wie blykber net mear te iten. En no ha ‘k mear ikels as bûssinten. It giet hjir no út de folop… ‘’

Krebintich komt er oerein mei in skaalfol ikels en saait se yn ien kear heech oer de hage: ‘’Soa, dêr hat de gemeente ek wat. Sa ynklauwe­rich bin’ k no ek wer net. Krije dy lju ek ris foar in stoer werom… ‘’

‘’No, as heit sa rojaal is, dan moatte se fan my ek noch mar wat ha,’’ en soan Ate soalt der noch in nustje achter­o­an.

As ik de tún útrin en om ‘e hoeke stap, stiet pake Doede ferhe­ard nei boppen te sjen. ‘’It is mâl, wat in ikels dit jier, net jonge? In flinke wynpûster tink. It reint deroer,’’ en hy skoddet hiel wat ikels út ‘e râne fan ‘e hoed. In pear fangt er behindich op en keilt se mei in feninege haal de tún yn.

‘’Au, blinder… !’’ ropt Sybren kjel.

‘’Aldermerakelst,’’ seit Doede.

© Gerrit Damsma — 27 oktober 2015 (út ‘Blinder, hasto de kaktus skeard?’, útjouwerij Elikser, Ljouwert; foto: dobey.nl)

One clap, two clap, three clap, forty?

By clapping more or less, you can signal to us which stories really stand out.