
Yn ‘t foarbygean
STIMME
It is hast safier. Noch even en jo meie wer stimme. Tafallich rûn ik lêstendeis Jelke wer tsjin it liif en dy hat al ris faker oer de stimmerij op ‘e tekst west. Dat wie yn de ‘pearse’ tiid. Ik ha der earder oer skreaun. De polityk sit him blykber heech, want hy begûn fuortendaliks al út te farren: “Moatst no ris nei dat oanplakboerd hjir sjen. Jo soenen dochs raar wurde fan al dy kleuren. En nó witte jo suver hielendal net mear op wa’t jo stimme moatte. Wá kin no noch mei wá troch ien doar! Se rache en skelle mekoar út of wie de oare gjin turf heech!”
En Jelke frege: “Hasto de oare kear ek west te stimmen?”
“Ja, fansels”, sei ik, “mar dêr is my al wat opfallen — of eigentlik tsjinfallen. Dy ek?”
No, en doe wie Jelke net mear te kearen: “Ja, no silst it dochs belibje! Der sieten trije my net bekende froulju en de iene sei: ‘Jo moatte jo legitimearje.’
‘Minske,’ sei ik, ‘ik kom hjir al fyftich jier en elkenien yn it doarp wit wol wa’t Jelke is.’ En nidich der achteroan: ‘Mar wêrom hoege jim jimme dan net te legitimearjen en hawwe jimme gjin nammekaartsje op. Ik ken jimme net.’
Doe sei dy frou: ‘Dat dogge se net.’
En ik wer: ‘Wa binne dy ‘se’?’ De frou: ‘No, de gemeente…’
Dat ja, ik ha doe myn rydbewiis mar sjen litten om fan it gedonder ôf te wêzen, mar ik ha wol heard dat yn sommige plakken benammen âldere minsken teloarsteld nei hûs ta stjoerd waarden. Se mochten net stimme!”
“Ja, ik ken ek sa’n gefal út in oar plak,” sei ik. “Jan — rûnom bekend yn it doarp — soe twa kear stimme; ek by folmacht foar syn frou. Kunde achter de tafel sei: ‘Tsja…, do moatst dy al even legitimearje fansels.’
‘ Toe dan mar,’ tocht Jan fernuvere en hy legitimearre him. ‘Ja…, en ek even de ID fan dyn frou sjen litte. Dat binne de regels. Hasto dy net…? Dan kinst ek net foar har stimme.’
‘Ferrek dan mar,’ sei Jan en hy gie lilk nei hûs. Mar it siet him net lekker en de middeis gie er dochs mar wer te stimmen. Hy liet it rydbewiis en de stimkaart fan syn frou sjen: ‘Yn oarder. Mar no dyn eigen stimkaart noch even!’
‘Dy haw ik fan ‘e moarn al ynlevere…’
‘Spitich, mar dan kinst ek net foar dyn frou stimme! Regels binne regels…’
Doe gie Jan hielendal troch it lint.”
Jelke seach my oan: “Hoe’t dit allegear komme sil! En dan duorret it fansels noch in jier ear’t se in koalysje of in kammenet yn elkoar timmere hawwe.” En hy rûn skodholjend fierder.
Doe moast ik even tinke oan wat hy de oare kear sei: “Se moasten mýn minister-presidint mar ris ynhiere as formateur. ‘Majesteit,’ soe myn Jikke wol sizze, ‘majesteit, betrou dat maar eens even aan mij toe. Dat sal Jikke wel even flikke. Laat mij maar eens gaar over dat kammenet. Dan staat dat spultsje takom week bij u op de blauwe stoepe. Dat wik ik u…!’ ”
© Gerrit Damsma — 26 febrewaarje 2015