Yn ‘t foarbygean

Gerrit Damsma
Yn ‘t foarbygean / In het voorbijgaan
2 min readSep 24, 2014

--

WETTERMETER

Der binne guon stedslju dy’t hjir kommen binne te wenjen, dy dogge, asto se yn it doarp tsjinkomst, gjin bek iepen. Se kinne dy net iens fatsoenlik de tiid fan de dei sizze. In ‘goemoarn’ of in ‘goemiddei’ hawwe se blykber noch nea fan heard,” sei Jehannes ferline wike wat brimstich. Hy kin it soms rjocht foar de raap sizze. No ja, dan wit je ek fuortendaliks wat je oan ien hawwe fansels.

“Nim no dy man fan de gasmeter bygelyks,” sei Jehannes. “Dy man stie foar de doar oan en sei: ‘Jou krije un andere gasmeter’, en fierders hat er gjin stom wurd sein. Ik koe gjin wurd út him krije. Do soest sizze, sa’n Willem de Zwijger…”

“Dan ha ik it al even oars beleefd doe’t ik in pear jier ferlyn in nije wettermeter krige,” sei ik. “Dat is fansels,” sei Jehannes, “altyd baas boppe baas!”

“Nee, werklik jonge. Der waard op in moarn belle. Meastentiids docht de frou iepen, mar no rûn ik sels nei de doar en dêr stie in man mei in doaze yn ‘e hân. ‘Jo woenen in nije wettermeter ha,’ sei de man. ‘No nee,’ sei ik, ‘ik net bepaald, mar ik ha sa it idee dat jimme dat ding wol graach slite wolle. Wat tochten jimme: Hy brûkt te min wetter?’

‘Jo brûke fansels mear inket,’ sei de man.

‘Ja, ik moat hjoed noch wer in kursyfke skriuwe, mar it kwartsje wol noch net falle…’

‘Wat binne dat foar dingen: kursyfkes?’ en de man seach my freegjend oan.

‘No, dat binne fan dy stikjes yn ús doarpskrante De Einekoer.’

‘O, binne jó dat! Hoe komme jo dêr yn ‘e goedichheid altyd oan, man. Fantasij fansels. Allegear út ‘e tomme sûgd!’

Ik hie de ‘wokkels’ – de isolaasjelaach ûnder it lûk dêr’t de wettermeter húsmannet, wat opromme. Dan koe hy der better by. De man gie plat op it liif lizzen om de wettermeter te ferwikseljen en frege doe: ‘Ha jo it sa troch ‘en dei noch drok? Dat sil wol net, tink!’

‘Fansels,’ sei ik, ‘mar al krekt even oars as jo, jo kinne it lizzend fertsjinne. Mar even in fraach: ‘Moat it wetter der net ôf en de kranen iepen? Wy moatte fansels gjin trammelant ha.’

De man seach my suver wat ‘bestraffend’ oan en sei doe: ‘No moatte jo fansels net op ‘e saken foarútrinne, Damsma. Lit dat no mar even oan my oer.’

Hy pielde stadichwei wat troch en kaam doe oerein: ‘Klear! No meie jo it wetter streame litte oant de lucht út de buizen is. No noch even in hantekening graach! Jo kinne wer in pear jier foarút. Enne…: is it kwartsje yntusken al fallen?’En fuort wie de man.”

Jehannes rûn skodholjend fierder: “Ja, ja…, do hast in baas tomme!”

© Gerrit Damsma — 24 septimber 2014

r�R?rd�ؙb�

--

--